Dit is wa’t wy binne
Moetsje de technologen, aktivisten en ûntwerpers dy’t wurkje by de Mozilla Foundation
Misje
Mozilla Foundation is in non-profitorganisaasje dy’t in bettere technologyske takomst bout — oandreaun troch minsken, iepen troch ûntwerp, oandreaun troch ferbylding.
Wy leverje minsken-earst-alternativen foar de hjoeddeiske ekstraksjesystemen. Wy bouwe neist ûntwikkelers, ynnovators en foarstanners, ferienige yn it leauwen dat in bettere technologyske takomst net allinnich mooglik is — it is oan ús om te meitsjen.
Skiednis
De browser is elkenien syn portaal nei it ynternet. De jierren ’90 wiene de gouden tiid fan Microsoft Internet Explorer en Netscape Navigator (beide no mei pensjoen). Netscape makke yn 1998 de weage stap om syn koade oan it publyk frij te jaan. Dizze koade krige de namme Mozilla. It iepenboarne Mozilla-projekt waard berne, laat troch in wrâldwide mienskip fan frijwilligers.
De Mozilla Foundation waard oprjochte as in non-profitorganisaasje mei $2 miljoen oan finansiering fan Netscape om in tiidrek fan iepen boarneûntwikkeling te begjinnen. Tsjin 2004 wie it Mozilla-projekt wrâldwiid útwreide mei nije mienskippen yn Europa, Japan en Sina. It Mozilla Developer Network ferspraat fergese boarnen oan ûntwikkelers en sette wrâldwiid iepen-boarneynnovaasjes yn gong.
Us bouwers hawwe nije manieren fan online learen yn ûntikkele mei erkenningssystemen (Open Badges), mienskipsnetwurken (Hive Networks, Science Lab), online ark (Webmaker), engagement-eveneminten (Maker Party) en mentorskipprogramma’s (Open Leaders). Wy binne ek begûn mei in jierlikse gearkomste, no it Mozilla Festival, foar tûzenen mienskipsleden om tegearre te ûntwikkeljen. Us Fellowship-programma stipet mear as 200 technologen.
Wy lansearren it jierlikse rapport oer ynternetsûnens, dat ûndersyk en ferhalen kombinearre om in steat fan saken online te jaan en pioniers yn de skynwerpers te setten dy’t bettere tech-alternativen bouwe. It rapport joech libben oan ús priiswinnende podcast, IRL (Online Life is Real Life). Wy publisearren goed ûndersochte resinsjes oer konsuminteprivacy op wearables, auto’s en apps ûnder de namme *Privacy Not Included*. Yn 2018 lansearren wy de *Responsible Computing Challenge*, wêrby’t etyk yn kompjûterûnderwiis ynboud waard.
Wy bestride misynformaasje, AI-foaroardielen en de ynfloed fan platfoarms op wrâldwide ferkiezingen. Nije inisjativen omfetsje ús Technology Fund, it Data Futures Lab, en in útwreiding fan it Responsible AI Fellowship. Common Voice is ús crowdsourcingprojekt foar de mienskip om te soargjen dat tech jo taal sprekt. Us ûndersyk hat betsjuttingsfolle feroaringen feroarsake foar konsuminten oer wichtige techplatfoarms, ynklusyf Tinder, TikTok, YouTube en wetjouwing yn de EU.
Liederskip
Donearje oan Mozilla Foundation
Tegearre hawwe wy de krêft om de belofte fan it ynternet wier te meitsjen. Doch mei oan ús wrâldwide beweging en leverje hjoed noch in bydrage om de takomst fan technology foarm te jaan.