De tiid rint út

Donearje oan de Mozilla Foundation foar ús deadline fan 31 desimber

Donearje Donearje
banner-img-no-stickers@2x
Omleech oerslaan
Mozilla Foundation-logo Mozilla Foundation-symboal
Kom yn ’e kunde mei Mozilla
Wat wy dogge
Meitsje Ynspirearje Mobilisearje
Meidwaan
Nothing Personal
Donearje Donearje

Help foar donateurs

Us team hat in efterstân yn it beäntwurdzjen fan donateursfragen. Hâld der rekkening mei dat ús team mei in fertraging op jo fraach reagearret.

As jo al donor binne, kinne jo de selsbetsjinningsopsje brûke om oan te melden by jo donorportaal. Jo kinne ûntfangsten ynsjen en wizigingen oanbringe oan jo moanlikse donaasje. Om tagong te krijen ta jo oanmeldside, ferwize wy jo nei de keppeling yn in resinte donaasjeberjocht.

As jo help nedich hawwe by in donaasje oan de Mozilla Foundation, selektearje dan de reden foar jo fraach út it útklapmenu en in fertsjintwurdiger fan donteursoarch nimt sa gau mooglik kontakt mei jo op.

Kontakt


Wy wurdearje wurklik jo royale stipe en binne bliid om no in maklikere manier te bieden om te donearjen fia in online bankoerdracht. Wy kinne donaasjes akseptearje fia automatyske ynkasso yn euro’s fia in Single European Payment Area (SEPA)-oerskriuwing.

No online donearje

Noch hieltyd fragen? Nim kontakt mei ús op troch in kasus yn te tsjinjen.
Gean nei de donaasje-ynstellingen fan jo account mei help fan de knop ‘Myn donaasje beheare’ yn jo resinte donaasjebefêstigings-e-mailberjocht. Dêr kinne jo it bedrach, frekwinsje, betellingsmetoade en beteldatum wizigje. Jo kinne ek jo periodike donaasjeplan annulearje.

Noch hieltyd fragen? Nim kontakt mei ús op troch in kasus yn te tsjinjen.


Allinnich JPG-, PNG- en BMP-bestannen


Mozilla sil jo yntsjinne ynformaasje allinnich brûke foar kommunikaasje mei jo oer jo oanfraach. Lês ús privacybelied foar mear ynformaasje.


reCAPTCHA helpt automatisearre formulierspam foar te kommen.
De ferstjoerknop is útskeakele oant jo de CAPTCHA foltôgje.



Flugge keppelingen

Firefox

Webbrowser foar Windows, Mac en Linux

Firefox-stipe

Thunderbird

E-mailsoftware foar Windows, Mac en Linux

Thunderbird-stipe

Mozilla Foundation

Wy jouwe de takomst fan it ynternet foarm foar it algemien belang

Wat wy dogge


Faak stelde fragen

Hjirûnder steane de meast stelde fragen oer donearjen oan de Mozilla Foundation.

Hoe kin ik donearje?

Besykje dizze keppeling om no daliks in feilige online donaasje te dwaan mei creditcard of PayPal. Google Pay, Apple Pay en bankoerskriuwingen fia SEPA, iDEAL en ACH binne ek online beskikber.

Donearje yn jo lokale faluta! Brûk yn ús online formulier it ferfolchkarmenu njonken it donaasjebedrach. De faluta wêryn jo kieze te donearjen wurdt yn rekkening brocht.

Hjirneist kinne jo offline donearje yn USD troch in sjek of postwiksel te stjoeren; donearje fia ús eksterne Donor Advised Fund, Company Giving Program of IRA-account; of nim streekrjocht kontakt mei ús op foar donaasjes fan oandielen en ûnreplik guod.

Hoe annulearje of wizigje ik myn periodike donaasje? Kin ik myn betellingsmetoade of myn donaasjefrekwinsje wizigje?

Benaderje hjir jo donaasjeportal. Hjir kinne jo jo donaasje annulearje of it donaasjebedrach, de frekwinsje, de ynkassodatum en de betellingsmetoade oanpasse.

As jo problemen tsjinkomme, kinne jo altyd kontakt mei ús opnimme!

Hoe beskermet Mozilla myn persoanlike ynformaasje?

Wannear’t jo oan de Mozilla Foundation donearje, ûntfange wy persoanlike ynformaasje fan jo. Dizze gegevens brûke wy om jo donaasje te befêstigjen, jo fan donaasjebewizen te foarsjen, en mei jo te korrespondearjen fia nijsbrieven of e-mail. Mear ynfo oer hokker ynformaasje wy ûntfange, de doelen wêrfoar wy dy ynformaasje brûke en hoe’t wy hjir mei omgean, kinne jo fine yn ús Privacybelied.

Al ús donaasjeferwurkingspartners moatte in privacykontrôle troch Mozilla ûndergean. De leveransiers dy’t jo ynformaasje ûntfange, binne kontraktueel ferplichte om de gegevens te behanneljen op manieren dy’t wy goedkarre. As jo online oan Mozilla donearje, wurde jo betellingsgegevens ferwurke troch eksterne leveransiers, Fundraise Up en PayPal of Stripe. De samling en gebrûk fan jo gegevens falt ek ûnder harren respektyflike privacybelied.

Wêrom hawwe jimme myn adres nedich om donaasjes te ferwurkjen?

Wy begripe dat jo privacy hiel wichtich is. Dêrom freegje wy om in minimale hoemannichte oan gegevens dy’t nedich binne om donaasjes te ferwurkjen, wêrûnder fakturearingsadressen. Om fraudelente betellingen foar te kommen, brûke wy adressen yn ús ynterne beoardielingsproses. Jo gegevens wurde privee hâlden - as jo fragen hawwe, besjoch dan ús Privacybeleid. As jo leaver net jo gegevens op ús online donaasjeformulier ynfolje, kinne jo ús in sjek of jild stjoere.

Is myn donaasje feilich?

Ja, wy brûke de yn de yndustry gebrûklike SSL-technology om jo ynformaasje feilich te hâlden.

Wy wurkje gear mei Stripe, de bekende betellingsferwurker yn de yndustry dy’t fertroud wurdt troch guon fan de grutste bedriuwen yn de wrâld. Jo gefoelige finansjele ynformaasje berikt nea ús servers. Wy stjoere alle gegevens daliks nei de PCI-kompatibele servers fan Stripe fia SSL.

Wy begripe dat jo privacy hiel wichtich is. Foar folsleine ynformaasje ferwize wy nei it Mozilla Privacybelied.

Kin ik in restitúsje oanfreegje?

Jo donaasje komt mooglik yn oanmerking foar restitúsje. Jo moatte binnen 15 dagen nei de datum fan de donaasje kontakt mei ús opnimme. As jo leauwe dat dizze donaasje makke is sûnder jo autorisaasje, nim dan daliks kontakt mei ús op.

Donaasjes makke fia automatyske ynkasso fia ACH of SEPA binne komme net yn oanmerking foar restitúsje. Fanwegen de aard fan dizze transaksjes prioritearret ús belied it minimalisearjen fan fraude fan restitúsje. Wy wurdearje jo begryp fan herten. As jo noch fragen hawwe, nim dan kontakt mei ús op.

Wêr stjoer ik in sjek nei ta?

Sjeks stjoere nei:

Mozilla Foundation
PO Box 25704
Pasadena CA 91185-5704

Oermakkingen dy’t nachts ferstjoerd wurde (d.w.s. FedEx, Messenger, ensfh.) moatte sa adressearre wurde:

Mozilla Foundation
25704
605 E Huntington Dr.
Monrovia, CA 91016

Jou jo sjek oan mei de folgjende ynformaasje:

Te beteljen oan: Mozilla Foundation

Memorigel: Jo e-mailadres (helpt ús jo donaasje te folgjen en ta te skriuwen)

Betingsten

De Mozilla Foundation kin allinnich sjeks akseptearje yn Amerikaanske dollars (USD).

Wy kinne gjin bydragen akseptearje foar MZLA/Thunderbird. Bydragen oan MZLA/Thunderbird fia sjek kinne dien wurde troch dizze ynstruksjes te folgjen.

Is myn donaasje ôf te lûken fan de belesting?

Bydragen gean nei de Mozilla Foundation, in 501(c)(3)-organisaasje basearre yn San Francisco, Kalifornië, foar gebrûk nei eigen goedtinken foar har goede doelen. Foar safier wetlik tastien binne dizze folslein ôf te lûken foar de belesting yn de FS. De Tax ID fan de Mozilla Foundation is 20-0097189.

As jo online oan Mozilla jouwe, ûntfange jo daliks in e-mailbefêstiging foar jo donaasje dy’t jo brûke kinne foar jo Amerikaanske belestingoanjefte. Kontrolearje jo map Net-winske as jo dat e-mailberjocht net yn jo postfek oankomme sjogge. As jo in ekstra kopy fan jo ûntfangstbewiis nedich hawwe foar jo belestingoanjefte yn de FS, nim dan kontakt mei ús op.

Foar donateurs bûten de Ferienige Steaten, nim kontakt op mei jo belestingadviseur oer oft jo donaasje ôf te lûken is.

Yn it gefal fan gruttere donaasjes kin it wêze dat dit rapportearre wurde moat oan de IRS. It is troch de wet fereaske dat Mozilla de ynformaasje foar grutte donateurs en foar oar jild, lykas oandielen fan mear as $5.000, rapportearret.

Wat binne jo transaksjekosten op donaasjes?

As jo kieze om ús transaksjekosten te dekken, dekke jo sawol ús ferwurkings- as donaasjeplatfoarmkosten.

De kosten dy’t ferbûn binne mei ús robúste online donaasjesysteem jouwe ús de mooglikheid om duorsum skeale te kinnen as ús stipersbasis groeit. It donaasjeplatfoarm en betellingsferwurkers dy’t wy brûke soargje derfoar dat wy in breed oanbod fan faluta/betelmethoden akseptearje kinne en PCI-kompliant bliuwe yn alle lannen wêrfan wy donaasjes akseptearje.

De transaksjekosten dy’t donateurs kinne kieze te dekken, binne basearre op in skatting fan ús totale kosten. Troch in protte faktoaren kinne werklike kosten fluktuearje.

Binne der ekstra kosten ferbûn op myn donaasje?

Wy sammelje gjin ekstra fergoedingen of belestingen.

As jo donearje yn jo lokale faluta, wurde der gjin wikselkosten yn rekken brocht troch jo kredytkaart.

Opsjoneel kinne jo kieze om ús transaksjekosten te dekken op jo donaasje. Dit is folslein frijwillich en jo kinne jo oan- of ôfmelde mei it karfakje op ús donaasjeformulier.

Us organisaasje is fêstige yn de Feriene Steaten. Wy moedigje donateurs oan om alle ekstra eksterne belestingen of fergoedingen te ûndersykjen dy’t tapast wurde kinne troch tafersjochhâlders, lykas jo bank of belestingtsjist.

Kin ik kryptofaluta donearje?

Nee. Op dit stuit akseptearret de Mozilla Foundation gjin donaasjes yn kryptofaluta.

Hoe wurdt myn donaasje brûkt?

By Mozilla is it ús misje om it ynternet sûn, iepen en foar elkenien tagonklik te hâlden. De programma’s fan de Mozilla Foundation wurde stipe troch basisdonaasjes en subsydzjes. Us basisdonaasjes, fan stipers lykas jo, binne ús meast fleksibele boarne fan finansiering. Dizze fûnsen stypje daliks belangebehertigingskampanjes (d.w.s. freegje grutte techbedriuwen om jo privacy te beskermjen), ûndersyk en publikaasjes lykas de keapersgids *Privacy Not Included en Internet Health Report, en beslacht in diel fan ús jierlikse MozFest-gearkomst.

Klik hjir foar ynfo oer hoe’t jo donaasje brûkt wurdt.

Jo kinne hjir mear details fine oer de útjeften en it tafersjoch fan Mozilla.

Hawwe Mozilla-produkten, lykas Firefox, gjin ynkomsten?

Firefox wurdt ûnderhâlden troch de Mozilla Corporation, in folsleine dochterûndernimming fan Mozilla Foundation. Wylst Firefox soarget foar ynkomsten – foaral troch sykpartners – wurdt dit ynkommen alteast opnij ynvestearret yn de Corporation. De edukaasje en promoasje fan de Mozilla Foundation, dy’t oer ferskate kontininten giet en miljoenen minsken berikt, wurdt stipe troch filantropyske donaasjes.

Jout myn donaasje tagong ta technyske stipe?

Elkenien kin tagong krije ta stipe foar Mozilla-produkten troch it stipefoarum te besykjen. Mozilla leveret gjin technyske stipe of wiidweidich technyske stipe yn ruil foar donaasjes.

Kin ik spesifyk ta stipe fan it Thunderbird-projekt donearje?

Ja! Gean nei dit donaasjeformulier om in bydrage te leverjen spesifyk foar Thunderbird.

Wa kin ik daliks in e-mail stjoere mei fragen oer donearjen?

As jo in fraach hawwe oer donearjen oan de Mozilla Foundation, nim dan kontakt op fia dit formulier. As jo technyske stipe nedich hawwe foar produkten as Firefox, nim kontakt op mei Mozilla Support.

piktogram

Klear om te donearjen? Donearje no.

Mozilla Foundation-logo
Der is wat misgien en jo registraasje is net foltôge. Probearje it letter opnij.

Bliuw op ’e hichte mei ús nijsbrief

Fier in jildich e-mailadres yn.
Finkje dit fek oan as jo trochgean wolle.

Tige tank!

As jo jo oanmelding foar in Mozilla Foundation-relatearre e-mailabonnemint noch net earder befêstige hawwe, moatte jo dat miskien no dwaan. Kontrolearje jo Postfek Yn of spamfilter op in e-mailberjocht fan ús om op te klikken en jo abonnemint te befêstigjen.

Ofbylding fan suksesfolle oanmelding foar nijsbrief
  • Lisinsjes
  • Jierferslaggen en finansjele gegevens
  • Parsesintrum
  • Subsydzje
  • Banen
  • Privacy
  • Cookies
  • Juridysk
  • Rjochtlinen foar dielname
Donearje Donearje

Mozilla Foundation is in wrâldwide non-profitorganisaasje en memmemaatskippij fan de Mozilla Corporation. De measte ynhâld is beskikber ûnder in Creative Commons-lisinsje.